ZVV Avanti nei topdivyzje

08 maaie 2009 - 23:55

De sealfuotballers fan ZVV_Avanti út Stiens hawwe freedtejûn histoarje skreaun. Troch in knotsgekke 11-8 oerwinning op Volendam spylje se takom seizoen yn de topdivyzje, it heechste nivo fan Nederlân. Noch nea earder spile Avanti op it heechste poadium.

De wedstriid tsjin Volendam begûn bizar: al nei 5 sekonden kamen de Volendammers op 1-0. Dêrnei herpakte Avanti him goed en kaam mei 4-1 foar. It reinde dêrnei goals, mar Avanti luts úteinlik oan it langste ein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)