Zurich bliuwt op 'e buorden

26 sep 2000 - 19:03

De gemeente Wûnseradiel set de ynfiering fan Fryske plaknammen op in sêft sin. De rie is moandeitejûn 'om' gien ûnder druk fan in tal Surgers mei spandoeken.

B en W litte it der net by sitte. Se wolle no op 'en nij besykje draachflak foar de Fryske plaknammen te meitsjen. It doarp Zurich is fûl op 'e Fryske namme Surch tsjin. Dat soe it doarp toeristen kostje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)