Zorgbelang Fryslân ferhuzet

08 okt 2014 - 07:18

It kantoar fan Zorgbelang Fryslân ferhuzet. De organisaasje dy't opkomt foar de belangen fan pasjinten sit no noch yn itselde gebou as De Friesland Soarchfersekerder. In soad minsken fine it nuver dat in organisaasje dy't ûnôfhinklik wêze moat, in kantoar hat by de grutste Fryske soarchfesekerder. De ûnôfhinklikheid soe hjirtroch yn it gedrang komme, tinke se.

Ek spilet mei dat de provinsje de subsydzje oan Zorgbelang Fryslân ynlûke wol. Oer in heal jier hopet soarchbelang te ferhúzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)