Zoodsma hâldt op as coach

17 maaie 2013 - 18:45
  • Ronald Zoodsma

Ald-follybal international Ronald Zoodsma leit nei rom sân jier syn funksje del as haadcoach fan de manneploech fan it Grinzer Abiant Lycurgus. De Fries hat syn beslút nommen yn oerlis mei it bestjoer fan de Stichting Topvolleybal Groningen. Mooglik bliuwt Zoodsma yn in oare funksje ferbûn oan de klup. Under syn lieding groeide Lycurgus út ta in topklup yn Nederlân. Fan 2007 ôf pleatste de ploech fan Zoodsma him seis kear op rige foar een Europeesk bekertoarnoai. De ôfrûne twa jier pakte Lycurgus krekt net de nasjonale titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)