Zoodsma haadcoach by Lycurgus

24 nov 2005 - 16:53

Ald-topfoljeballer Ronald Zoodsma fan Snits is de rest fan it seizoen haadcoach by de Grinzer earedivyzjeclub Lycurgus. Hy folget Loek Hagedoorn op dy't opstapte om sûnensredenen.

Zoodsma waard ferline wike manager by Lycurgus nei mieningsferskillen mei Hagedoorn. Dy lêste is no opstapt en Zoodsma is no dus werom oan it roer by de Grinzer foljebalclub. Zoodsma syn aktiviteiten as manager wurde op in leger pitsje set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)