Zonderlands pakke sulver

18 nov 2007 - 17:39
  • Epke en Herre Zonderland (net yn sporttenu)

Turnclub It Hearrenfean mei Epke en Herre Zonderland hat yn Wageningen it sulver pakt yn 'e striid om de nasjonale teamtitels. Ek Michel Bletterman en Arjen Butter turnden yn it team fan Hearrenfean. De wedstriid gong om flier, foltige, ringen, sprong, brêge en rekstôk.

De Feansters kamen op in puntetotaal fan 242.250. Nasjonaal kampioen waard de ploech Flik-Flak út Den Bosch mei in puntentotaal 253.400.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)