Zonderland yn finale WK-turnjen

23 nov 2005 - 14:26

Turner Epke Zonderland stiet yn de finale fan it wrâldkampioenskip turnjen yn it Australyske Melbourne. Tiisdei turne de jonge Lemster de kwalifikaasje fan de mearkamp.

Mei in skoare fan 52.986 waard hij deryn trettjinde. Dermei heart Zonderland by de bêste 24 dy't no tongersdei de finale turnje. Ek syn ploechgenoat Jeffrey Wammes helle de mearkampfinale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)