Zonderland turnkampioen

01 jun 2003 - 00:00

Herre Zonderland fan De Lemmer is sneon Nederlânsk kampioen turnen op de mearkamp wurden. Titelhâlder Hardon waard yn Hoofddorp twadde. Snein helle Zonderland ek de titels op de ûnderdielen flier, sprong, brêge en rekstok. Hy is de earste Fries dy't nasjonaal kampioen turnen is.

By de junioaren wie der ek súkses foar de famylje Zonderland. Epke Zonderland waard twadde. Snein wûn hy trije titels by de tastellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)