Zonderland net talint fan jier

28 jun 2006 - 17:00

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer is net keazen as talint fan it jier. It Olympysk komitee, it NOC-NSF, makke woansdeitemiddei bekend dat hurdfytser Marianne Vos de titel krijt. Vos wûn ûnder oare it wrâldkampioenskip fjildriden.

Zonderland wie tegearre mei Vos en sânkampster Laurien Hoos nominearre foar de titel. Dit wykein wûn Zonderland noch de Nederlânske titel turnjen op de mearkamp en 5 tastellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)