Zonderland huldige

01 des 2005 - 10:40

Turner Epke Zonderland is woansdeitemiddei op it Hearrenfean huldige. De turner waard lauwere foar syn prestaasjes by it wrâldkampioenskip turnen yn Australië, ferline wike.

Zonderland waard by it WK alfde op de mearkamp, in wrâldprestaasje fan de talintfolle jonge Fries. Tiisdei kaam er werom yn Nederlân. Woansdei wie al de huldiging en Zonderland wie dêr tige mei ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)