Zonderland grutte favoryt op NK

23 jun 2006 - 17:25

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer makket dit wykein in grutte kans op in Nederlânske titel. Dat seit er sels koart foar it toernoai yn de nije turnhal fan sportstêd Hearrenfean. Neffens de 19-jierrige turner is it in foardiel dat it NK yn Hearrenfean is.

Jeffrey Wammes pakte ferline jier de winst op de meerkamp, mar Wammes is der troch in blessuere dit jier net by. Konkurrinten fan Zonderland binne syn broer Herre en Jeroen Hardon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)