Zonderland gau better fan operaasje oan byholten

26 des 2015 - 14:58
  • Epke Zonderland (argyffoto)

Turner Epke Zonderland kin mei in pear dagen wer folop traine. Hy moat noch in pear dagen wachtsje foar't hy folslein better is fan in operaasje dy't hy op 10 desimber hân hat. Zonderland is yn it sikehûs ferlost fan groanysk ûntstutsen byholten. Ut in kontrôle die bliken dat it werstel nei winsk ferrint, seit trainer Daniël Knibbeler.

Zonderland wurke de ôfrûne dagen wol oan syn kondysje, mar koe noch net mei de turntastellen oan de slach omdat hy dan op de kop hingje moat.

Yn april kin Epke Zonderland besykje om him mei de Nederlânske manljusploech te kwalifisearjen foar de Spelen fan Rio de Janeiro. Op it saneamde testevent stride acht lannen om fjouwer plakken. As Nederlân him net kwalifisearret mei gymnastykbûn KNGU ien sels keazen turner ôffurdigje. It Nederlânske frouljusteam is al wis fan meidwaan oan de Spelen fan 2016.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)