Zonderland fierwei de bêste

19 jun 2011 - 19:33
  • Epke Zonderland (foto: Martin de Jong)

Epke Zonderland is snein mei ôfstân Nederlânsk kampioen wurden op de ûnderdielen rek en brêge. Op de rekstôk skoarde Zonderland 15,600, wylst de nûmer twa Carlo van Minde net fierder kaam as 12,670. Op brêge pakte Zonderland goud mei 14,700 punten. Dat wie noch altyd better as Anthony van Assche (13,620) en Carlo van Minde (12,820).

Op foltige foel Zonderlând wat ôf. Hy foel in kear en waard úteinlik tredde efter Glenn Smink en Melvin Ornek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)