Zonderland definityf net fuort

03 sep 2009 - 11:10
  • Epke Zonderland net nei Amearika (foto: Martin de Jong)

Turner Epke_Zonderland giet definityf net nei Amearika. Zonderland soe dêr studearje en turnje oan de universiteit fan Pennsylvania.

De turner moast foar in spesjale kommisje oantoane kinne dat er amateursporter is, oars mocht er net komme. Hy wie ree om al syn sponsorkontrakten op te sizzen. De kommisje hat syn fersyk no ôfwiisd. Zonderland is teloarsteld en om't hy salang op it beslút wachtsje moast fielt 'r him oan it lyntsje hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)