Zonderland 4e by mearkamp

17 apr 2004 - 00:00

Turner Epke Zonderland is by it EK turnjen yn Ljubljana fjirde wurden op de mearkamp. De Lemster junior turner helle 53,773 punten en grypte dêrmei krekt neist de medalje.

Zonderland helle op twa fan de seis tastellen de hege skoare 9,462. Op it tastel rek makket Epke snein noch in kâns op in medalje. It goud by de mearkamp wie sneon foar de Rus Vasiliev.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)