Zomerfestival mei wytsings en ridders yn Noardwâlde

21 jun 2015 - 18:03
  • swurdfjochters op it simmerfestival by de Spokeplas

Wytsings, ridders en pyk op it spit. Omrop Fryslân-programma Festivette wie snein op it Zomerfestival yn Noardwâlde. Op it festival, dat oant dit jier noch Vikingfestival hjitte, kinne besikers har ûnderdompelje yn midsieuske sfearen. De oever fan de Spokeplas by it doarp stie fol mei kampfjoeren, kanonnen en diskes mei âlde ambachten.

Hiel drok wie it net, mar dat wie gjin probleem foar de 'reinactment'-spilers. Sy wiene gewoan in moai wykein fuort en wer werom yn midsieuske sfearen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)