Zomer fuort yn de basis

19 aug 2011 - 17:08

Ramon Zomer spilet sneon yn de wedstriid tsjin FC Twente fuort yn de basis. Zomer hat freed in kontrakt tekene, hy trainde middeis ek mei en trainer Ron Jans set him fuort yn de basis. Dat giet ten koste fan Michel Breuer.

Daryl Janmaat komt werom fan in hamstringblessuere en sil tsjin Twente wer yn de basis stean. Jeffrey Gouweleeuw trainde wol wer mei, mar hy is noch net fit genôch om op de bank plak te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)