Zomer, Assaidi net tsjin Roda

02 feb 2012 - 13:55

Sportklup Hearrenfean kin freed yn de wedstriid tsjin Roda JC net beskikke oer Ramon Zomer en Oussama Assaidi. De Marokkaan komt dit wykein pas werom fan de Afrika Cup. Zomer foel tiisdei tsjin Vitesse út mei in harsenskodding en keart sa't it no liket takom wike werom by de seleksje.

Fierder is de spilersgroep fit út de bekerwedstriid tsjin Vitesse kaam. Kruiswijk is opnij de ferfanger fan Zomer. Foaryn spilet Rajiv van La Parra oan de rjochterkant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)