ZOAB-dyk Goutum opknapt

03 okt 2000 - 17:46

De ZOAB-dyk tusken Goutum en Werpsterhoek by Ljouwert wurdt de kommende tiid opknapt mei Pentak. Dat is in asfaltprodukt dat it ZOAB langer goed hâldt. It wurdt foar 't earst yn Fryslân brûkt.

Nei 8 jier is ZOAB oan 'e ein en mei Pentak kin in dyk noch 4 jier langer mei. In nije laach Pentak oer de dyk ferbetteret de hechtings yn it asfalt. De laach wurdt woansdei oanbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)