Ziyech werom yn de basis

12 des 2013 - 16:45
  • Hakim Ziyech

De kâns is grut dat Hakim Ziyech yn de wedstriid fan freed tsjin PEC Zwolle weromkeart yn de basis. De middenfjilder waard ferline wike troch Hearrenfeantrainer Marco van Basten op de bank hâlden, omdat er net hielendal fit wie. Ten koste fan hokfoar middenfjilder dat giet wol Van Basten net sizze.

Pele van Anholt is skorst, syn plak wurdt nei alle gedachten yn naam troch Chris Kum. Mooglike opstelling: Nordfeldt, Kum, Otigba, Kruiswijk, Dijks, De Roon, Van den Berg, Ziyech, Van La Parra, Finnbogason en Basacikoglu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)