Zimmerman nei Harkemase Boys

05 maaie 2006 - 16:46

Fuotbalploech Harkemase Boys hat der in nije spits by. It giet om de 28-jierrige Bert Zimmerman. Earder hat dizze spiler yn aksje west foar FC Grins en FC Veendam. No siet er al in skoftke sûnder profkontrakt.

Zimmerman kin takom seizoen begjinne by Harkemase Boys. Yn prinsipe hat er tekene foar in jier. Harkemase Boys hie ek belangstelling foar Roel v.d. Meulen fan De Harkema, mar dy hat in akkoart berikt mei Veendam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)