Zilveren Camera yn Drachten

06 maaie 2010 - 14:47

De ferneamde foto-eksposysje Zilveren Camera docht dit jier ek Drachten oan. Dat hawwe museum Smallingerland en opliedingssintrum de Friese Poort foarelkoar krigen. It is foar it earst sûnt jierren dat de eksposysje yn it Noarden te sjen is.

Op de eksposysje hingje foto's fan parsefotograven, dy't ferline jier ta bêste útroppen binne. De eksposysje is ein dizze moanne te sjen. It museum en de skoalle fersoargje dan ek rûnleidings lâns de foto's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)