Zijsling wint IFKS by Hylpen

13 aug 2011 - 16:18

Siebo Zijsling hat sneon de earste silerij fan de IFKS by Hylpen wûn. Yn de A-klasse bleau hy mei syn skûtsje de Striidber skippers Siete Meester en Sieb Meijer foar.

Nei in earste massale falske start kaam it skûtsje ût Drylts nei de twadde start al foar de earste tonne oan kop te lizzen. De striid telde twa reade protestflaggen, fan Henk Regts en fan Jilles Bandstra. Beide flaggen hienen gjin gefolgen. Lêste waard Freddy van der Heide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)