Zijlstra yn kabinet Rutte

09 okt 2010 - 08:41

Halbe Zijlstra fan Easterwâlde is yn de beneaming om steatssiktaris fan Underwiis te wurden. Hy is ien fan de fjouwer VVD-Twadde Keamerleden dy't in post krije yn it kabinet fan premier Mark Rutte. Minister fan Underwiis wurdt nei alle gedachten CDA'er Marja van Bijsterveldt.

Zijlstra groeide op yn Easterwâlde, mar wennet al jierren yn Utrecht. Dêr wie hy earder fraksjefoarsitter fan de VVD yn de gemeenteried. Zijlstra is 41 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)