Ziggo: Omrop-melding is fersin

21 des 2013 - 12:17

In sinjaal fan satellytstjoerder Canaal Digitaal is freed op it kanaal fan Omrop Fryslân troch it sinjaal fan Ziggo hinne stjoerd. Klanten fan Ziggo dy't nei Omrop Fryslân seagen, krigen dêrtroch in saneamde banner fan Canaal Digitaal op it skerm. Dêryn stie dat der fan 7 jannewaris ôf net mear nei Omrop Fryslân sjoen wurde kin. Allinnich mei in spesjaal kastje soe Omrop Fryslân noch besjoen wurde kinne.

It boadskip soarge foar in soad fragen fan sjoggers. Ek by Omrop Fryslân wie neat bekend hjiroer.

Neffens Ziggo gie it om in technyske flater. Foar it sjen nei Omrop Fryslân is gjin apart apparaat nedich. Dat bliuwt ek sa yn 2014. De banner wie ek te sjen yn it gebiet fan Kabel Noord. Ek foar de abonnees fan Kabel Noord jildt dat der gjin apart kastje nedich is om de omrop te ûntfangen, By Kabel Noord giet it om deselde technyske flater.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)