Zienn moat besunigje

07 jun 2010 - 23:10

Opfangorganisaasje Zienn moat de kommende jierren goed twa miljoen euro besunigje. De organisaasje krijt minder jild fan oerheden. In part fan it jild kin út opboude reserves komme. Dêrneist sil sjoen wurde nei besparrings troch effisjinter te wurkjen.

Untslaggen ûnder it personiel wurde safolle mooglik foarkaam. Neist besunigje hat Zienn ek plannen. Sa wurdt der oer neitocht om de deiopfang ek wykeins te iepenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)