Zienn: mar 4 sliepers mear

06 jan 2009 - 13:16

Der ha moandeitenacht fjouwer ekstra minsken sliept by de opfang fan thús- en dakleazen yn Fryslân. It rint net stoarm by de opfang, dat der is genôch plak. Organisaasje Zienn hat foar de wissichheid wol tweintich ekstra plakken ynrjochte fanwege de froast.

Neffens direkteur Van_Anken fan Zienn meitsje minder minsken gebrûk fan ´e nachtopfang omdat hjoeddedei bettere mooglikheden binne foar 24-oers opfang. It is dakleazen ferbean om by strange froast bûtendoar te sliepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)