Zielman en Schouten winne 100

13 feb 2012 - 13:16

De maraton, de hûndert fan Earnewâld, is by de froulju wûn troch Carla Zielman fan Rottum. By de manlju wie Simon Schouten fan Andijk de sterkste yn de einsprint. It wie de earste grutte oerwinning fan Schouten yn it A-peloton. Christijn Groeneveld en Karlo Timmerman waarden twadde en tredde.

Zielman bleau yn de finale Irene Schouten (Andijk) en Maria Sterk fan Hallum foar.

It natoeriisklassemint by de froulju waard wûn troch Foske Tamar van der Wal. By de manlju gong dy winst nei Rob Hadders. Martijn Kromkamp fan Wolvegea waard tredde yn dat klassemint fan alle natueriiswedstriden fan de ôfrûne wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)