Zielman de bêste op natoeriis

18 feb 2012 - 15:28

Carla Zielman út Rottum hat sneon it einklassemint fan de KPN Grand Prix op natoeriis wûn. Zielman wie nei fjouwer wedstriden de bêste mei 96,3 punten. Nûmer twa waard Elma de Vries, Mariska Huisman einige op it tredde plak. Sneontemiddei waard de finale op it Sweedske Runnmar by Falun ferriden. De winst gong nei Elma de Vries. Sulver wie der foar Erna Last, tredde waard Maria Sterk út Hallum. Sterk einige dêrmei op it fiifde plak yn it einklassemint.

Zielman wie de ôfrûne wiken oppermachtich op natoeriis. Se wie de bêste yn de Aart Koopmans Memorial en wûn de Alternative Alvestêdetocht, beide ferriden op de Weissensee. Mei har tredde Grand Prix oerwinning yn Sweden fan ôfrûne tongersdei ferromme se har foarsprong op de konkurrinsje. It wie genôch om mei in tsiende plak yn de finale dochs de einoerwinning te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)