Zeinstra nei WK yn Meksiko

28 apr 2011 - 11:34

Erwin Zeinstra fan Dronryp is troch de FIFA útnoege as assistint- skiedsrjochter foar it wrâldkampioenskip fuotbal ûnder 17 jier. Dat toernoai wurdt fan 18 juny oant en mei 10 july spile yn Meksiko. De 34-jierrige Zeinstra giet op reis mei skiedsrjochter Bas Nijhuis en kollega assistint Angelo Boonman.

Zeistra is al jierren aktyf yn de earedivyzje en waard ein 2009 troch de KNVB op de ynternasjonale assistint-skiedsrjochterslist setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)