Zeinstra en Van der Graaf slute keatskarriêre ôf mei ferlies

13 sep 2015 - 18:27
  • Fenna Zeinstra

De keatsters Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra binne snein yn Harns winner wurden fan de lêste frije formaasjepartij by de froulju fan dit seizoen yn Harns. Yn de finale wienen se mei 5-2 en 6-2 de baas oer it partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra.

Foar Fenna Zeinstra en Leonie van der Graaf wie it de lêste frije formaasjepartij út harren karriêre. Yn totaal skreaunen se as partoer 29 wedstriden op harren namme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)