Zeilstra hâldt oandielen Thialf

10 sep 2003 - 00:00

De oandielen fan Thialf bliuwe yn hannen fan Zeilstra. De Fryske sakeman hat dat tiisdei op It Hearrenfean sein. It iisstadion hat in skuld fan 14 miljoen euro. Earder makke Zeilstra bekend syn oandielen ferkeapje te wollen oan in Dútsk bedriuw.

De ferkeap fan Thialf's memmebedriuw Campagnard is no fan de baan. Zeilstra wol fan Thialf in folslein Frysk bedriuw meitsje. It is net bekend mei watfoar bedriuwen oft er gearwurkje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)