Zeepziederstrjitte Harns wurdt sanearre fan asbest

01 apr 2015 - 09:46
  • (foto-ympresje)

By de brân yn de loads yn de Zeepziedersstrjitte yn Harns is tiisdeitemiddei asbest frijkaam. It giet neffens de gemeente net om in soad asbest dat yn de strjitte sels telâne kaam. De strjitte is yn oerlis mei de trije bewenners ôfsletten.

Der is woansdeitemoarn begûn mei it opromjen fan it asbest. De bewenners bliuwe binnen oant dat klear is. Dat sil nei alle gedachten om it middeisoere hinne wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)