Zeefuik net nei SC Cambuur

17 jun 2010 - 09:47

Género Zeefuik komt foarearst net nei Sportklup Cambuur. De oanfaller hat oanjûn takom jier leaver net wer yn de earste divyzje te fuotbaljen. Zeefuik waard de lêste jierren ferhierd oan FC Dordrecht en Omniworld. Hy hopet no dat der in ploech út de earedivyzje komt, dêr't hy ûnderfining op it heechste nivo opdwaan kin.

Cambuur is der noch altyd net út mei Mark de Vries. De Ljouwerters hoopje dat der takom wike dúdlikheid komt. Moandei 29 juny is de earste training.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)