Zandstra rekket soad redens kwyt

07 des 2002 - 00:00

It hat noch mar ien nacht ferzen, mar by redensfabryk Zandstra op 'e Jouwer rattelt de tillefoan oan ien tried wei. It bedriuw hat twa kear safolle minsken oan it wurk as oars. It is neffens de direksje bysûnder dat it sa betiid yn it seizoen al sa drok is.

Guon ferkeapers binne sa hastich, dat se sels nei De Jouwer ride om, sadat se de redens earder yn 'e winkel ha. "As dit noch twa wike duorret, ha wy wer foar twa jier wurk", seit Zandstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)