Zalmsnip troch de noas boarre

19 jan 2005 - 15:50

Minima yn Ljouwert kinne dochs gjin steat meitsje op de Zalmsnip. Dêrfoar feroaret de gemeente op it lêste momint de regels. It Ryk woe de Zalmsnip mei yngong fan 1 jannewaris ôfskaffe, mar dat is net slagge. Minima hawwe no dochs noch rjocht op it ekstraatsje fan 45 euro. It Ryk fergoedet dat lykwols net mear en dus rint de gemeente sels it risiko. It gemeentebestjoer wol it jild net útkeare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)