Yvonne Nauta sechde op 3.000 meter by wrâldbeker Inzell

04 des 2015 - 18:30

Yvonne Nauta fan Twellingea is der freed net yn slagge om in poadiumplak te heljen op de 3000 meter by de tredde wrâldbeker reedriden yn Inzell. Nauta einige op it sechde plak. De bêste prestaasje by de Nederlanners wie foar Marije Joling, sy helle sulver. De ôfstân waard wûn troch wrâldkampioene Martina Sábliková fan Tsjechië. Ireen Wüst fan It Hearrenfean die net oan de wedstryd mei. Sy slagge der earder net yn om har te pleatsen foar de earste fjouwer wrâldbekers. Sy rydt sneontemiddei in alternative wedstryd op it iis fan Thialf.

Wüst makke dat freed sels bekend op Twitter. Tsjin wa't Wüst it krekt opnimt is noch net bekend makke, mar it publyk is tige wolkom. It bywenjen fan de alternative wedstriid is fergees, sa liet Wüst wite.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)