Yvonne Nauta sânde op 3 km yn nij Thialf

11 des 2015 - 17:33
  • Yvonne Nauta

Reedrydster Yvonne Nauta fan Twellingea is freedtemiddei as sânde einige op de 3 kilometer by de wrâldbekerwedstriid yn Thialf. Op de fernijde iisbaan op It Hearrenfean koe de 24-jierrige Friezinne gjin yndruk meitsje. Se ried in tiid fan 4.08.77.

De wedstriid waard wûn troch de Tsjechyske Martina Sábliková yn 4.03.50. Twad waard Annouk van der Weijden en Olga Graf út Ruslân einige as tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)