Yvonne Nauta mei nei Sotsji

30 des 2013 - 18:54
  • Yvonne Nauta pleatst hat foar OS

Reedrydster Yvonne Nauta fan Twellingea hat har op de 5 kilometer pleatst foar de Olympyske Spelen yn Sotsji. Nauta ried de tredde tiid. Antoinette de Jong fan Rottum helle it net. Sy ried de achtste tiid. De Jong hie har al wol pleatst op de 3 kilometer. De langste ôfstân foar de froulju waard wûn troch Carien Kleibeuker, Ireen Wüst waard twadde.

Yvonne Nauta helle mei dit tredde plak revâns foar de pech dy't se hie op de 3 kilometer. Dêr waard se oant twa kear ta hindere troch har tsjinstanner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)