Yvonne Kassenberg wint Slachte

14 jun 2008 - 09:43
  • Yvonne Kassenberg rint op de finish ôf
  • In blide Yvonne Kassenberg

Yvonne Kassenberg fan Burgum wûn sneon de Slachtemaraton by de froulju yn in tiid fan 3.05.53. It wie foar Kassenberg har alderearste maraton. Kassenberg is wol in betûft hurdrinster op de heale maraton, mar weage har oant no ta noch net oan de 42 kilometer en 195 meter.

De tiid fan Kassenberg is gjin parkoersrekord. Dat stiet noch hieltiten op namme fan Mirjam Bijlsma, de winneres fan 2004 yn in tiid fan 3.00.58.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)