Yvonne Kassenberg twad yn Norg

28 nov 2009 - 17:08
  • Yvonne Kassenberg (argyffoto: Martin de Jong)

Hurdrinster Yvonne Kassenberg fan Burgum is sneontemiddei yn Norg twadde wurden yn de Bastiaannetcross. Kassenberg rûn de 8750 meter yn in tiid fan 37 minuten en fiif sekonden.

Hanneke Hink út Grins wie de rapste yn in fjild fan 70 dielnimsters. Hink hie in foarsprong fan 35 sekonden op Kassenberg. Inge van Schaick út Ljouwert waard fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)