Ytpiraat socht tsjerkeminsken

19 feb 2009 - 17:39
  • Slachtoffer Jan Mulder fan It Fryske Hynder

De 53-jierrige oplichter út Noard-Hollân dy´t sûnder te beteljen iten en oernachte hat socht syn slachtoffers bewust út. Dat waard dúdlik by de saak tsjin de man. Der waard 5,5 jier easke.

Tusken 2006 en 2008 hat de man by sa´n 75 campings, bêd en brochjes en hotels syn slach slein. Yn Fryslân wie dat ûnder oare yn Aldeboarn, Sint_Nyk, De Lemmer en Snits. De man hie it benammen foarsjoen op lytse akkommodaasjes en minsken mei in tsjerklike eftergrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)