Ytpiraat slacht op 'e nij ta

17 jul 2000 - 19:09

De ytpiraat dy't al in skoft yn Fryslân aktyf is, hat ek dit wykein wer taslein. Sneontejûn iet er sûnder te beteljen yn in restaurant yn Snits. De eigner warskôge de plysje dy't de man meinaam.

Nei't de ytpiraat snein frijlitten wie, rûn er nei Deinum . Dêr iet er op 'e nij 'op 'e pof'. De plysje kaam wer yn aksje. De ytpiraat wurdt no foarlaat oan 'e offisier fan justysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)