Ytpiraat oppakt yn Sint Jabik

13 feb 2012 - 11:14

De plysje hat yn sneintejûn in 51-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak oanholden. It personiel fan in hoarekasaak oan de Aldebildtdyk yn Sint Jabik warskôge de plysje omdat de man de rekken net betelje koe of woe.

Tsjin de plysje sei de man dat er gjin jild hie. Dêrop waard er oppakt en nei it buro brocht. Dêr die bliken dat de man de ôfrûne moannen al ferskate Fryske hoarekasaken dupearre hat troch de rekkens net te beteljen. De fertochte sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)