Ytpiraat op scootmobyl

29 aug 2011 - 09:50

De plysje warskôget foar in ytpiraat yn in scootmobyl. De 61-jierrige man sûnder fêst wenplak slacht ta yn Drachten en op It Hearrenfean. Hy bestelt kofje, drank en iten en naait út sûnder te beteljen, as er it op hat. Op strjitte freget er minsken om jild. De man stiet yn de taksywrâld ek bekend as oplichter.

De man is al ferskate kearen oanhâlden. De lêste kear wie snein op de Súdkade yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)