Ysbrechtumers oppakt yn Snits

10 apr 2011 - 12:37

De plysje hat sneontenacht yn Snits twa Ysbrechtumers fan 18 en 20 jier oanhâlden op fertinking fan iepentlik geweld. It duo wie op de Prins Hendrikkade mei de fyts op in groep jongeren ynriden. In fjochtpartij wie it gefolch fan dizze aksje.

Surveillearjende plysjeminsken makken hjir in ein oan en hâlden de Ysbrechtumers oan. It duo waard oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten. Se wiene earder op 'e jûn ek al belutsen by rûzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)