Ysbrand Galama wint yn Winsum

04 jun 2011 - 23:02

De tredde fierljepwedstriid fan dit seizoen yn Winsum is wûn troch Ysbrand Galama fan It Heidenskip mei 19.67 meter, foar Bart Helmholt (19.30) en Nard Brandsma (19.11).

By de junioaren wûn Hans Ulco de Boer fan Jutryp mei 17.87, ien sentimeter mear as Age Hulder. By de froulju gie de winst ferrassend nei Hilianne van der Wal fan Noardburgum mei 14.20. By de jonges is Sytse Bokma fan Hylpen oant no ta in klasse apart. Hy wûn syn tredde titel, mei in nij pr: 16.88.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)