Ysbrand Galama wint Heidenskip

04 aug 2012 - 22:57

Ysbrand Galama liket krekt op tiid yn foarm foar it FK fierljeppen. Nei syn oerwinning woansdei yn Drylts wie hy sneontejûn ek de sterkste yn syn wenplak It Heidenskip. Mei in prachtich skâns- en persoanlik rekôr fan 20.77 meter wie hy syn konkurrinten de baas. Bart Helmholt kaam yn syn lêste sprong fan de jûn noch it tichtste by mei 20.32. Thewis Hobma einige as tredde. Hy sprong 19.43.

By de froulju wûn Grytsje Abma mei in persoanlik rekôr fan 15.86. Sytse Bokma wie mei 18.07 de bêste by de junioaren. Jan Teade Nauta wûn by de jonges.

Hy kaam ta in ôfstân fan 17.43.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)