Youtube-rekord ferbrutsen

09 mrt 2008 - 16:53
  • Sjoch op Youtube.com foar de filmkes

Studinten fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert ha dit wykein in bysûnder rekord ferbrutsen. Op de iepen dei, ôfrûne sneon, waard besocht safolle mooglik filmkes yn ien kear op de populêre website Youtube te setten.

It wrâldrekord Youtuben woene se sa yn de boeken sette en dat is dus slagge. Yn totaal ha se 155 filmkes ynlade kinnen. It tal ynladen filmkes foel úteinliks wol ôf. Se woene eins tûzen filmkes online sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)