Youssouf Hersi nei Vitesse

21 des 2004 - 15:11

Youssouf Hersi giet yn de winterstop oer nei Vitesse. De 22-jierrige middenfjilder fan sc Hearrenfean waard begjin dit seizoen oanlutsen, mar bedarre al gau op de bank neidat ek Arnold Bruggink noch nei 't Fean kaam.

Mei dy situaasje naam Hersi gjin genoegen wêrnei't syn saakwaarnimmer op syk gie nei in oare klup. Hersi hat in kontrakt tekene foar 2,5 jier. Hy moat by Vitesse Nicky Hofs opfolgje dy't ein dit seizoen nei Feijenoord ferhuzet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)